Asylsikers noegje Verdonk út

© Omrop Fryslân
De 80 asylsikers fan 'e needopfang yn Wytmarsum wolle minister Verdonk fan frjemdlingesaken nei it doarp helje. De útprosedearren fine dat de minister mei eigen eagen sjen moat yn watfoar skrinende situaasje se libje moatte. Mei de útnoeging folgje de asylsikers it foarstel fan 'e ried fan Wûnseradiel.
De ried sil Verdonk ek in brief stjoere mei it fersyk om del te kommen yn Wytmarsum.