Fryske bedriuwen nei Ruslân

30 nov 2004 - 17:06

Fryske bedriuwen ferwachtsje hannelje te kinnen mei Ruslân. De Keamer fan Keaphannel organisearret yn april in hannelsreis nei Sint Petersburg. Doel is kontakten te lizzen mei betroubere sakelju út itens- en lanbou-yndustry. Fan de 18 bedriuwen út Noard-Nederlân dy't meigeane, komme der 13 út Fryslân.

No't de nasjonale merk minder wurdt en ek de Europeeske regeljouwing soepeler wurdt, liket Ruslân in moai alternatyf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)