Jild nedich foar iten fûgels

© Omrop Fryslân
It fûgelfersoargingsfûns Fryslân begjint mei in grutte stipekampanje. Der moat jild komme foar't gefal der in strange winter komt. It fûns wol genôch jild ha om ekstra fretten út te dielen oan fûgelfersoargers. Der is in pear tûzen euro nedich.
It fûns siket stipers dy't tsien euro yn it jier jaan wolle. Foarsitter Gaarman fan it fûgelfersoargingsfûns Fryslân wol ek besykje om mear subsydzjes binnen te heljen.