Mear pasjinten nei Sionsberg

30 nov 2004 - 16:04

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum hat it folle drokker krigen sûnt de sluting fan MCL Noard yn Ljouwert. Alle moannen hat Sionsberg tsientallen ekstra kliïnten. Dy komme út de gemeenten om Ljouwert hinne, lykas Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel en Tytsjerksteradiel.

Foardielen binne de koarte rit nei Dokkum as nei it MCL Súd yn Ljouwert en it fergees parkearen by Sionsberg. It sikehûs hat de lêste jierren it tal spesjalisten stadichoan útwreide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)