Dales: hoopfol mar besoarge
Boargemaster Dales fan Ljouwert is hoopfol mar besoarge oer de mieningsferskillen ûnder de Ljouwerters. Dat wie de konkluzje fan it stadsdebat moandei yn de haadstêd.
It debat wie in inisjatyf fan Dales en wethâlder Hafkamp nei oanlieding fan de moard op Theo van Gogh. Der wiene goed 300 Ljouwerters oanwêzich om mei te praten oer de mienskip yn de stêd. Hafkamp sei dat de multykulturele mienskip yn Ljouwert mislearre is.
Trefwurden:
argyf