Epke Zonderland brekt tean

© Omrop Fryslân
De Lemster turner Epke Zonderland fan turnskoalle Wik-FTC op it Hearrenfean hat syn tean brutsen. By de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Stuttgart glide de jongste fan 'e trije bruorren Zonderland fan it rek en kaam ûngelokkich op 'e matte telâne.
Yn earste ynstânsje hat Zonderland noch fierder turnd, mar úteinlik is er werom reizge nei it Hearrenfean. Yn it sikehûs die bliken dat de tean brutsen wie. It herstel sil 4 wike duorje.