Direksje klinyk foar rjochter

30 nov 2004 - 09:32

De direksje fan de alternative klinyk Eye4Care yn Harns moat foar de rjochter komme, fanwege omstriden kanker- en MS- behannelingen.

Nei in ûndersyk oardiele de rjochter dat de klinyk mear as 32 behannelmetoades net mear útfiere mei. Dy metoades soene skealik wêze foar pasjinten. Boppedat soene meiwurkers fan de klinyk gjin foech ha se út te fieren. Justysje daget no twa direksjeleden foar de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)