2500ste stimmer Fryske Top 100

© Omrop Fryslân
De Fryske Top 100 is, as je sjogge nei it tal stimmers, in boppeslach oan it wurde. It ôfrûne wykein passearde de teller al de 2500 stimmers. Gerke Teitsma fan Moarre wie de gelokkige. Hy krijt, lykas alle oare 25ste ynstjoerders, in Fryske top-cd.
It docht de muzykredaksje goed dat der no al, mear as 4 wike foar it sluten fan de ynstjoertermyn, mear as twa kear safolle ynstjoerders binne as ferline jier.