Jong Cambuur wint fan Jong Grins
Jong Cambuur hat moandei mei 3-1 wûn fan Jong FC Grins. De earste fiif minuten fan 'e wedstriid wiene spektakulêr. Michel van Zundert skoarde al yn 'e earste minút 1-0 en twa minuten letter makke Thijs Houwing 2-0. Al yn 'e fiifde minút skoarde Laurens Huizinga foar Jong FC Grins: 2-1.
Yn 'e twadde helte koe Houwing noch in kear skoare, wêrmei't de einstân 3-1 waard. Jong Cambuur stiet no twadde mei 18 punten út tsien wedstriden.
Trefwurden:
argyf