Homo's op besite yn moskee

29 nov 2004 - 17:33

Homo's en moslims moatte as minderheden solidêr meiinoar omgean en harren sa min mooglik oanlûke fan 'e media, dy't de groepen tsjin inoar opsette wolle. Dat wie sneontejûn de konklúzje by de earste besite fan 'e Fryske homomienskip oan de Turkse moskee yn Ljouwert. Imam Onlü ûntfong in grutte groep homo's en lesbiënnes.

Onlü ûnderstreke by de besite dat de Ljouwerter moslimmienskip 'iepen en tolerant' wêze wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)