Hearrenfean - Feyenoord: 2-2

29 nov 2004 - 16:36

SC Hearrenfean spile sneintemiddei op eigen fjild tsjin Feyenoord. It waard 2-2. De ploech fan trener Ruud Gullit ferspile in foarsprong fan 2-0. Buffel en Kuijt makken de doelpunten foar Feyenoord.

Yn de spannende slotfaze kaam SC Hearrenfean knap op gelikense hichte. Samaras en Yildirim skoarden, beide út in frije traap. Reservekeeper Lodewijks naam by Feyenoord it plak yn fan de Hongaar Babos.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)