12 hennepkwekers foar rjochter

29 nov 2004 - 14:14

Tolve ynwenners fan de Wielepôle yn Ljouwert moatte 10 desimber foar de rjochtbank ferskine. De ynwenners wurde ferfolge foar it kweken fan hennep.

Yn maart hat de plysje in grutte sykaksje holden yn de wyk. Der binne doe 2000 henneplantsjes yn beslach nommen. Ek waarden doe sân minsken oanholden foar it ôftappen fan stroom. De oanlieding fan de ynfal wie in tip fan enerzjybedriuw Essent.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)