Grutte krab fûn yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Cees Edelman fan de Knetemannstrjitte yn Boalsert hat sneintemiddei in bysûndere fynst dien yn syn foartún. Hy fûn in tsien sintimeter grutte, gefaarlik eagjende libjende krab. Edelman wie bot fernuvere oer syn fynst.
It soe wol ris gean kinne om in Sineeske wolpoatkrab, dy't hieltyd mear yn de Fryske binnenwetters fûn wurdt. Nei alle gedachten is de soart oarspronklik meifearn op in skip út Azië wei.