Ljouwerter VMBO wol better imago

29 nov 2004 - 12:05
Foto: Omrop Fryslân

De skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Ljouwert wolle it vmbo in better imago jaan. De skoallen wolle dêrom de learlingen yn groep acht fan de basisskoalle oansprekke.

Mei in kampanje moat dy learlingen dúdlik makke wurde dat it vmbo yn Ljouwert goed en feilich is. De start fan de kampanje is woansdei yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)