Sevenwolden ek by Dance for Life

© Omrop Fryslân
200 learlingen fan OSG Sevenwolden fan It Hearrenfean diene sneon mei oan it Dance for Life-projekt, dat hâlden waard yn it Gelredome yn Arnhem. It projekt is bedoeld om minsken mei aids yn Afrika te helpen. De OSG hat foar dit projekt safolle jild ophelle dat se yn de top trije stean.
Mei de 200 learlingen wiene der yn totaal 10.000 jongeren yn it Gelredome. It projekt hat mear as 2 miljoen euro opsmiten.