Skroevedraaier yn 'e nekke

29 nov 2004 - 09:24

In 33-jierrige man út Appelskea is sneintejûn yn 'e nekke en yn it wang stutsen mei in skroevedraaier. Dat barde yn in hoarekagelegenheid oan de Boerestreek. Hy waard stutsen troch in 29-jierrige man, ek út Appelskea.

De oanlieding is noch net bekend. De 29-jierrige fertochte hat it slachtoffer ek in tosk út 'e mûle slein. De fertochte is oanhâlden en foar ferhear oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)