Wieteke Cramer 4e op 1500 meter

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer is snein yn Thialf fjirde wurden op de 1500 meter yn de B-divyzje. Earste op dy ôfstân waard Jia Ji út Sina yn in tiid fan 2.00,85. Twad waard Catherine Raney út Amearika yn 2.01,19. Tred wie de Japanske Hiromi Otsu yn 2.01,22. Wieteke har tiid wie 2.01,27.
Yn de A-divyzje waard Cindy Klassen 1e op de 1500 meter. Se ried dy ôfstân yn in tiid fan 1.56,60. Se bleau Jennifer Rodriguez en Renate Groenewold foar.