Glas 13e yn fjouwermansbob

© Omrop Fryslân
Arend Glas is snein yn Winterberg by de iepening fan it wrâldbekerseizoen op in dielde 13e plak einige yn de fjouwermansbob. Sneon waard Glas noch fyfde yn de twamansbob. De 36-jierrige Jouster gong snein mei Sybren Jansma fan De Pein, Vincent Kortbeek en Ronald Huethorst nei ûnderen.
It Amerikaanske team fan Todd Hays waard earste yn de earste grutte wedstriid yn de fjouwermansbob.