Wa is slein om it Fryskpraten?

28 nov 2004 - 14:49

De Japanske professor Miyawaki Hiroyuki wol graach kontakt mei minsken dy't as bern slein binne omdat se Frysk praten. Hiroyuki wie dizze wike yn Ljouwert op it Mercator Sympoasium op 'e Fryske Akademy. Hy spruts oer syn ûndersyk nei it slaan fan bern dy't in oare taal as de offisjele prate.

Oant de jierren 60/70 kaam dit geregeld foar yn lannen as Japan en Korea. Wa't soks hjir meimakke hat kin dit maile nei omnium@omropfryslan.nl

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)