Amtners op kursus 'gewoane taal'

© Omrop Fryslân
140 amtners fan 'e gemeente Eaststellingwerf dogge op dit stuit in kursus 'gewoane minsketaal'. De kursus is nedich omdat de amtners yn har brieven abstrakte en ôfstannelike taal fol drege wurden brûke. It hat bliken dien dat ynwenners somtiden neat begripe fan dy brieven.
Meikoarten geane ek nochris 85 amtners op kursus om te learen om koartere en oersichtliker riedsfoarstellen te meitsjen.