Fryslân boppe yn Winterberg

© Omrop Fryslân
Arend Glas en Sybren Jansma binne sneon sterk begûn oan it wrâldbekerseizoen yn 'e twamansbob. Yn it iiskanaal fan it Dútse Winterberg waard it Fryske bobslideduo sneon fyfde by de earste wrâldbekerwedstriid. It is de bêste prestaasje fan Glas (36) op in World Cupwedstriid oant no ta.
De wedstriid waard wûn troch it Dútse duo André Lange en Kevin Kuske. Glas ferklearret it súkses út in bettere bobslide en in goeie foarm.