Robot wurket yn apteek

27 nov 2004 - 16:45

De earste Fryske apteekrobot is oan it wurk yn Hurdegaryp en hy hyt Rob. Apteek Hurdegaryp hie sneon iepen dei om it grutte publyk sjen te litten wat de robot kin. De nije help is de hiele dei drok mei tûzenen foarferpakte medisinen. Hy set se yn it magasyn en wit krekt wêr't er dat dien hat.

As de apteker it medisyn by de baly yntoetst, hellet de robot it op. Dat giet ien minút hurder as oars. Oer de hiele dei is dat aardich wat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)