Sinteklaas skriuwt ek Frysk

© Omrop Fryslân
Minsken dy't har Sinteklazegedichten dit jier yn it Frysk hawwe wolle, kinne no tongersdei terjochte yn Afûk-winkel yn Ljouwert. De redaksje fan de F-side yn beide Fryske kranten helpt by it meitsjen, neisjen of it oersetten fan in eigen gedicht.
De dicht-help-aksje is tongersdei tusken fiif oere middeis en njoggen oere jûns. Under de F-side-redaksjeleden binne ek de dichters Baukje Wytsma en Eize de Boer.