Wa is slein om it Fryskpraten?

© Omrop Fryslân
De Japanske professor Miyawaki Hiroyuki wol graach kontakt mei minsken dy't as bern slein binne omdat se Frysk praten. Hiroyuki wie dizze wike yn Ljouwert op it Mercator Sympoasium fan 'e Fryske Akademy. Hy spruts dêr oer syn ûndersyk nei it slaan fan bern omdat dy in oare as de offisjele taal prate.
Oant de jierren 1960/70 kaam dit wol foar yn lannen as Japan en Korea. Wa't soks yn Fryslân meimakke hat kin dit maile nei omnium@omropfryslan.nl