Nije iiswegekaart yn gebrûk
It Fryske IIsbûn hat yn gearwurking mei de provinsje Fryslân in fernijde iiswegekaart fan Fryslân útjûn. It giet om in fjirde ferzje. Op 'e kaart steane alle wetterwegen dêr't de iiswegesintrales banen feie en ûnderhâlde as der genôch iis leit. Ek alle brêgen steane op 'e kaart.
Op oantrún fan 'e provinsje binne alle wetternammen ferfryske. De plaknammen binne yn it Hollânsk. De kaart is sneon troch deputearre Mulder ûntbleate.