Nij doarpshûs Easterwierrum
Yn Easterwierrum is freed it nije doarpshûs De Tysker offisjeel iepene. It âlde moetingsplak 'd'Alde Skoalle' hie noch mar in beheinde miljeufergunning en boppedat gie de ôfrûne jierren it kafee ticht. Doe moast der wat nijs komme.
Yn it nije doarpshûs sitte in hiel soad frijwilligersoeren. It earste offisjele feest yn De Tysker wie dan freed ek in frijwilligersfeest.