Soepel ferrin KNKB-gearkomste
It keatsbûn, de KNKB, hie freed yn de Koornbeurs te Frjentsjer de Algemiene Ledegearkomste. Yn it foar wie der al hiel wat diskusje ûntstien oer it oantal partoeren dat útkomme moat op de haadklassepartijen. Mar it bestjoer luts it foarstel fan 12 partoeren yn, sadat der takom seizoen wer gewoan 10 haadklassepartoeren binne.
Finansjeel stiet de KNKB der net sa goed foar. In bestjoersfoarstel ta kontribúsjeferheging waard oannaam.