Ferlies sealfuotballers H'veen

27 nov 2004 - 12:38

Yn de sealfuotbalkompetysje hat Heerenveen freed op 'e nij ferlern. It wie al de sande kear dit seizoen. Lânskampioen FC Marlene wie fierste sterk foar de Fryske debutant yn de earedivyzje en wûn mei 9-2.

Earst gie de wedstriid noch wol aardich lykop. By de rêst stie it 1-1. Mar benammen yn de slotfaze gie it hielendal mis. Yn de lêste seis minuten skoarde Marlene mar leafst seis kear. Heerenveen stiet no lêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)