Bettere behanneling nei beroerte

27 nov 2004 - 12:17

Pasjinten mei in beroerte kinne tenei folle better holpen wurde yn it sikehûs yn Dokkum. Dêr wurde sûnt koart 'selebrale trombolyze-behannelings' útfierd. De kâns dat in pasjint troch in beroerte stjert of in slimme handikap oprint, wurdt dêrtroch lytser. By in beroerte sit der in bloedprop yn 'e holle. De nije behanneling lost it bestjurre bloed op. Net alle sikehuzen hawwe dy know-how.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)