'Keatsen moat Frysk bliuwe'

27 nov 2004 - 10:18

It keatsen moat Frysk bliuwe. Dat wie it boadskip fan keatshistoarikus Pieter Breuker op in kongres oer sportskiednis op it Hearrenfean. Neffens Breuker is it keatsbûn op de ferkearde wei troch nei ynternasjonalisearring fan 'e sport te strjibjen. De sport sil dêrtroch de bining mei it Fryske folk ferlieze.

Breuker mient dat der ynternasjonaal te folle dissiplines en spulregels binne om ta ien ynternasjonale keatssport te kommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)