Hearrenfean wint fan Stuttgart

26 nov 2004 - 16:48
Foto: Omrop Fryslân

Sportclub Hearrenfean hat tongersdei foar in grutte ferrassing soarge troch mei 1-0 fan it Dútse Stuttgart te winnen. Utblinker Ugur Yildirum makke yn 'e twadde helte de iennichste goal. Hearrenfean hie it nei dy goal net maklik, mar keeper Vandenbussche wist de Hearrenfean-goal skjin te hâlden.

Troch de winst op Stuttgart kin Hearrenfean mooglik Europeesk oerwinterje. De earstfolgjende wedstriid is út tsjin Dynamo Zagreb.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)