Unwerklike lânskippen

© Omrop Fryslân
Surrealistyske lânskippen binne op moandei 6 desimber ûnderwerp fan in lêzing op It Hearrenfean. De fotograaf Wout Berger komt sels del yn 't Nije Huys om de leden fan it Fotobûn Fryslân ta te sprekken.
Berger hat eksposearre yn binnen- en bûtenlân, fan Japan oant Kanada. Hy rjochtet him benammen op details, lykas de bjirm njonken de dyk en it trasee fan 'e HSL-spoarline. De foto's bewurket er sadat se ûnwerklik wurde.