Gefaar loverboys ûnderskat

© Omrop Fryslân
Skoalbern witte te min fan 'loverboys' en rinne it risiko om yn 'e prostitúsje twongen te wurden. Dat wie it boadskip op in temamoarn op 'e Comeniusskoalle yn Ljouwert. Loverboys binne jonge poaiers, faak fan Marokkaanse komôf, dy't famkes mei 'leafde' de prostitúsje yn wurkje.
Opfangsintrum Asja yn Ljouwert jout ûnderdak oan famkes dy't net mear foar loverboys wurkje wolle. Asja sil tenei faker foarljochting jaan op skoallen.