Moslimreligy te folle omtinken

© Omrop Fryslân
De religy fan moslims krijt te folle omtinken. Dêrtroch ferjitte minsken dat it om boargers giet dy't gewoan wurk hawwe en nei de sportferiening geane. Dat sei antropologyhaaddosint Buitelaar fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy spruts yn Burgum oer de rol fan de moslimfrou yn de maatskippij.
Nei de moard op sineast Theo van Gogh is de klam bot op religy komme te lizzen. Dêrtroch ûntstiet ferwidering tusken Nederlanners en moslims.