2003 goed jier foar toerisme

26 nov 2004 - 09:40

It jier 2003 wie in goed jier foar de toeristyske en rekreative sektor yn Fryslân. It tal oernachtings yn hotels, op campings en by de wettersport is dit jier op 'e nij tanaam. Ek hawwe der noch nea safolle slûs- en brêgepassaazjes west yn Fryslân.

Ut it rapport fan toerdata Noord docht bliken dat it Noarden it yn fergeliking mei de rest fan Nederlân goed docht. Want lanlik sjoen naam it tal oernachtings ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)