Diskusje op Bogermankolleezje

© Omrop Fryslân
Jongeren op it Bogermankolleezje yn Wommels gongen tongersdei yn diskusje mei lokale politisy. Der waard debattearre oer ûnder oare hingkaravans foar de jeugd, en frijheid fan mieningsutering.
It debat wie in inisjatyf fan de jongerenried fan Littenseradiel om de jeugd mear by de polityk te belûken. Diskusjelieder wie Johannes Kramer, fraksjefoarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij.