Frysk op fyftjinde plak

© Omrop Fryslân
Yn fergeliking mei oare Europeeske minderheidstalen falt der noch in soad oan de posysje fan it Frysk te ferbetterjen. Dat sei deputearre Bertus Mulder tongersdei by de iepening fan it Mercator Sympoasium oer minderheidstalen by de Fryske Akademy.
Oan dat sympoasium wurdt meidien troch sa'n hûndert spesjalisten op it mêd fan minderheidstalen út hiel Europa. Neffens in Europeesk ûndersyk stiet it Frysk op it fyftjinde plak.