Skaakmatch Brandenburg en Ernst
De Fryske skakers Daan Brandenburg en Sipke Ernst sille op 2 en 3 desimber yn Grins tsjin inoar skake. De winner mei meidwaan oan it Nederlânsk Kampioenskip dat takom jier hâlden wurdt.
Dizze twakamp is nedich om't beide spilers earder dit jier like heech einigen op it Iepen NK, dat jildt as foarronde foar it gewoane NK. Ernst en Brandenburg spylje twa partijen. As it dan noch lyk stiet, wurdt de beslissing ôftwongen yn flugge partijkes.
Trefwurden:
argyf