Brânwachtman skorst foar stellen

© Omrop Fryslân
In lid fan it brânwachtkorps fan East- en Weststellingwerf is ferline wike skorst omdat er in graai dien hie yn de personielspot. It korps bestiet út sân beropskrêften en 105 frijwillige brânwachtminsken.
Yn dit gefal giet it om in brânwachtman dy't yn fêste tsjinst is by it korps. Hoe folle jild er krekt stellen hat, is net bekend. De plysje en de brânwacht ûndersykje no wat de gefolgen binne foar de belutsen brânwachtman.