Kontrôle ôffal bedriuwskonteners
Plysje en gemeente hawwe yn Achtkarspelen woansdei ôffalkonteners fan bedriuwen kontrolearre. Mei-elkoar waarden by fyftjin bedriuwen konteners besjoen. By sân bedriuwen siet neat ferkeards yn de kontener.
Fjouwer bedriuwen krigen in warskôging en foar fjouwer oaren smiet de kontrôle in proses-ferbaal op. Yn harren konteners sieten ûnder oare âlde tl- buizen, resten oalje en ferpakkingen mei kit.
Trefwurden:
argyf