Waterbuurt It Fean opknapt

© Omrop Fryslân
De werynrjochting fan de Waterbuurt op It Hearrenfean is woansdei út ein set. Wenten wurde sloopt, guon wurde opknapt en der wurde wenten byboud. De bedoeling is om de wyk oantreklik te meitsjen foar bewenners mei ferskillende ynkomsten.
De gemeente moast foar twa miljoen euro ta de bûse foar dit grutte projekt dat al sawat fjouwer jier ûnderweis is. Eigner fan de wenten is wenning- korporaasje Arqin fan It Hearrenfean.