Arriva wol mear passazjiers

© Omrop Fryslân
Om mear minsken de bus yn te krijen, komt ferfiersbedriuw Arriva yn desimber mei spesjale aksjes op de Q-liners. Minsken kinne dan in kear fergees mei op de Q-liners tusken Ljouwert en Drachten en Drachten en Hearrenfean. As der noch in oar meireizget, dan hoecht dy mar fyftich eurosint te beteljen.
Ritten mei de Q-liner binnen Ljouwert en Drachten kostje yn desimber ien euro. Arriva hopet foar de takomst sa op 10 prosint mear passazjiers.