Oplichting fia ynternet

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige ynwenner fan Ljouwert is dizze wike heard troch de plysje fanwege oplichting fia ynternet. De man hat bekend dat er yn de moannen septimber en oktober 33 minsken oplichte hat fia marktplaats.nl.
De minsken dy't beneidield binne, komme út hiel Nederlân, mar net út Ljouwert sels. De skea berint yn totaal hast 4000 euro. De man bea digitale kamera's en kompjûterapparatuer oan. Hy krige jild, mar levere it guod net.