Riedplachting oer Suderseespoar

25 nov 2004 - 09:34

De gemeenteried fan Skarsterlân wol in folksriedplachting hâlde oer it Suderseespoar. CDA, VVD en PvdA wolle fan de ynwenners witte oft se foar of tsjin sa'n treinferbining binne. Sa't de plannen no binne, komt in part fan it spoar yn Skarsterlân te lizzen.

De útslach fan de riedplachting soe de basis wurde moatte fan it belied fan de gemeente. De provinsje hâldt yn 2006 in folksriedplachting. Skarsterlân wol dêr net op wachtsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)