Nij belied wykeinwurk Sonac

24 nov 2004 - 17:25

Provinsje Fryslân moat derfoar soargje dat der minder yn it wykein wurke wurdt by destruksjebedriuw Sonac yn Sumar. Dêrfoar moat de provinsje in nije miljeufergunning opstelle. De Steatsrie hat dat woansdei bepaald.

In groep omwenners hie beswier oantekene tsjin it struktureel wykeinwurk by Sonac, dat foar ekstra oerlêst soarget foar minsken en miljeu. Sonac wurket foarearst troch yn it wykein, oant der in nij belied komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)