Trije Fryske bakkers nominearre

24 nov 2004 - 16:42

Trije Fryske bakkers sitte yn de finale foar de titel Bakkerij fan it jier 2005. Fan de tachtich bedriuwen dy't har ynskreaun ha, binne tsien nominearren oerbleaun. In faksjuery besiket de bakkers de kommende moannen. Der wurdt ûnder oare sjoen nei presintaasje, assortimint en hygiëne.

De Fryske nominearren binne Korenbloem út Snits, Gosse Tjoelker út Drachten en Korenaar út Surhústerfean. Yn maart wurdt de winner bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)