De Vries opstapt by Frysk Dambûn

© Omrop Fryslân
Foarsitter Hein de Vries fan it Dambûn Frysk Spul is opstapt. Hy docht dat fanwege it mislearjen fan in rookferbod by it damjen. It dambestjoer woe ferbiede dat by damwedstriden smookt waard. In mearderheid fan de leden wie dêr op tsjin.
De Vries woe it Frysk damjen profesjoneler meitsje en is net bliid mei it ferset tsjin in rookferbod. Hy neamt it net fan dizze tiid dat by in sport smookt wurde mei.