Argentijnen by SC Hearrenfean
SC Hearrenfean hat de kommende wiken twa jonge Argentijnse fuotballers op proef. It giet om de 17-jierrige Claudio Diaz en de 18-jierrige Angel Franco. Beide spilers bliuwe oant 7 desimber yn Fryslân.
SC Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde regele de staazje koartlyn op syn reis troch Súd-Amearika.
Trefwurden:
argyf