Ieren op besite by Fryske boeren

© Omrop Fryslân
Ierske eigners fan feemerken binne yn Fryslân om te sjen hoe't de lânbou hjir wurket. Nederlân is in belangryk ôfsetgebiet foar Ierske keallen. Doel is erfaringen út te wikseljen en wêr mooglik gear te wurkjen.
De 20 Ieren wienen tiisdei yn Spannum om te sjen hoe't de melkrobot wurket. Ek ha se in besite brocht oan slachterij Brada yn Ljouwert. Fierder sille se sjen op de feemerk yn Ljouwert.