Sertifikaat foar Fryske Gea

23 nov 2004 - 13:46

It Fryske Gea hat yn Fryslân it earste FSC-sertifikaat krigen foar ferantwurde boskbehear. It keurmerk wurdt ek brûkt by tropyske bosken en stiet op hout út dy bosken. It sertifikaat stiet foar ferantwurde en duorsum boskbehear.

Noch fiif boskbehearders wolle har bosk ek sertifisearje. Foar alle bosken fan it Fryske Gea smyt it sertifikaat neat op, wol is it goed foar it imago fan de bosk en it behear.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)